Piersma ropt op mei te dwaan oan ûndersyk nei hússwel

De wytgatswel yn Esonstêd © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma docht in oprop om mei te helpen oan it ûndersyk nei de hússwel. Hy bestudearret sels de sweltsjes yn syn achtertún yn Gaast, en hy hopet dat oaren meidogge. Hússwellen, of wytgatswellen komme yn dizze tiid werom út Afrika om te brieden. Se plakke har nêsten oan hûzen, ûnder oerstekkende dakrânen. Theunis Piersma wol graach witte oft der hússwellen binne dy't twa kear jiers briede en twa briedsels grutbringe. Hy die syn oprop oan oare fûgelleafhawwers sneintemoarn yn it radioprogramma Vroege Vogels.
2018 is troch Sovon Fûgelûndersyk útroppen ta it jier fan de hússwel, in fûgel dy't beskerming nedich hat. Sûnt de jierren '70 is it oantal mei 80 persint omleech gien, wierskynlik troch te min ynsekten. Yn bepaalde regio's yn Nederlân giet it wer better mei de hússwel as op oare plakken, en it ûndersyk moat útwize wêr't dat mei te krijen hat.