Harkemase Boys wint streekderby fan ONS Snits
De streekderby yn de tredde difyzje tusken ONS Snits en de Harkemase Boys is einige yn in 5-2 oerwinning foar de Harkiten.
Harkemase Boys skeat út de startblokken mei al yn de twadde minút in doelpunt fan Berwout Beimers. In foarset fan Kevin Mennega waard troch de definsje fan ONS min ferwurke, wêrnei't de bal foar de fuotten fan Beimers telâne kaam, dy't dêrnei gjin flater makke.
ONS besocht dêrnei de skoare lyk te krijen, en wie dêr krekt foar it healoere ek tichtby. In klutssitewaasje foar de goal fan Harkemase Boys joech de Snitsers in grutte kâns, mar it rûn goed ôf foar de Boys en de foarsprong waard fêsthâlden. Yn de 35ste minút wie it dan opnij Berwout Beimers dy't foar de Harkiten de 2-0 binnen kopte.
Comeback?
Nei it skoft hoegden de fans fan ONS net lang te wachtsjen op wat posityf nijs, want al yn de 52ste minút koe Genridge Prijor de oanslutingstreffer meitsje foar de Snitsers. De hoop op in comeback duorre lykwols net lang: yn de 63ste minút soarge Ezra Schrijver derfoar dat it ferskil wer op twa doelpunten kaam, yn it foardiel fan de Harkiten.
De Snitsers lieten it dêr lykwols net by sitte en kamen alwer yn de 72ste minút werom op in tuskenstân fan 2-3. De goal kaam fan Curty Gonzales. Fiif minuten letter makke Beimers lykwols syn hattrick kompleet, en ek Kellian van der Kaap skoarde noch foar't it lêste fluitsinjaal klonk, wêrmei't de einstân útkaam op in 5-2 oerwinning foar de Harkemase Boys.
ONS Snits - Harkemase Boys 2-5 (0-2) 2. Berwout Beimers 0-1, 35. Beimers 0-2, 52. Genridge Prijor 1-2, 63. Ezra Schrijver 1-3, 72. Curty Gonzales 2-3, 77. Beimers 2-4, 90. Kellian van der Kaap 2-5