Brân op binnenfeartskip yn Ljouwert

By in brân op in binnenfeartskip yn Ljouwert is freedtenacht it achterste part fan it skip folslein útbaarnd. It skip lei oan de Junokade yn de stêd doe't de brân útbruts. Dat wie om healwei trijen hinne. Der wie net ien oan board.
It is net dúdlik wat de oarsaak is fan de brân, dêr wurdt noch ûndersyk nei dien. It skip is behoarlik skansearre rekke. Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen der al út.