Kollum: "Slach yn de dracht"

"Geiten. Al sûnt ik in lyts jonkje wie, ha ik geiten. Skiep fyn ik folle minder aardich as se âlder binne, geiten wurde allinnich mar leuker. Op de buorkerij yn Oranjewâld hienen we altyd in stik as wat wite Saanergeiten. Neffens doe oerlevering helpt it tsjin keallesykte as je in geit yn de buert ha. Soks sil hjoed-de-dei wol net mear dosearre wurde op de lânbouskoallen, mar it holp wol.
Doe't de kunstmatige inseminatie, de KI dus, de natuerlike dekking troch in bolle ferfong, wie de bollestâl leech. Dat waard myn hoekje om geiten te hâlden. In pear houten barten op de flier om de stâl drûch te hâlden. Yn de midden fan de stâl siet in roaster, dat hat mei de anatomy fan de bolle te meitsjen, tink dêr mar even oer nei. In hikke mei in sels timmere houten hearib, kompleet mei deksel, want oars griemden myn leave geiten alles der út, gewoan om my te pesten. Want dat dogge geiten. Peste en kliere. Dus sizze se faak dat as je flokken leare wolle, geiten keapje dêr in goede oanset ta is. En ik moat tajaan dat geiten je soms it bloed ûnder de nagels wei helje kinne. Dat komt omdat se sa freeslik yntelligint, nijsgjirrich en te aardich binne om echt lilk op te wurden. It binne keunstners as it om ûntsnappen giet. Sadra se je te fiter ha en frij op it hiem omrinne, binne je der wis fan dat se binnen in pear minuten al jo mei soarch ûnderholden blommen en fruitbeammen keal fretten ha en jo grientetún is ek net feilich.
Mar se wine je daliks wer om de fingers as se wer braaf yn harren hoekje lân rinne. Ha je in min sin of in dipke? Gean nei in stik lân dêr't in pear geiten binne en jou se wat te fretten. It stikje bôle of in hantsje mei farske blêden fan in beam. Se sille je sa trouhertich oansjen dat jo aaklige gefoel daliks oer is en je mei harren guitige eachopslach folslein oertsjûgje fan it feit dat je de alderbêste baas fan de wrâld binne.
Tip: Lit de hikke net iepenstean, oars sjonge jo wer in psalm achterstefoaren.
Dizze wike koenen myn geiten lamje. Ik ha tsjintwurdich Nederlânske lângeiten, fan dy bisten mei dy mânske hoarnen op de kop. Wy hienen dizze hjerst wer in bok besite hân, dus fiif moanne en fiif dagen letter wie it safier. Mar it betearde mis. Yn al dy jierren dat ik geiten hân ha, wie de lammerij meast in wassen neus. Se rêden harren sels wol, of ik holp even. Mar no wie it oars, de geit wie ûnrêstich en it kaam mar net fierder. Doe ha ik de feedokter belle en dy hat de geit rêde kinnen, mar it laam net. Der siet in slach yn de dracht, sei de feedokter. Je moatte skynber alles in kear meimeitsje, mar dit wie net aardich. Nei in soad gedoch kaam der in prachtich kleure bok op de wrâld dy't te lang ûnderweis west hie. Hy wie dea.
Op sa'n stuit kinst ek wol flokke. Dus dochs wier, keapje in geit en je leare flokken. Mar ik soe se net graach misse wolle, want it binne geweldige bisten."