Klean fan twa adellike famyljes nei Fogelsangh State

De klean fan twa adellike famyljes wurde yn 'e takomst tentoansteld. It giet om de famylje Brantsma-Van Slooten-Van Sminia en de famylje Brantsma-Van Heerdt tot Eversburg-Van Haersma de With.
Fogelsangh State
Yn 'e takomst binne de klean te besjen yn Fogelsangh State yn Feankleaster. Wannear't dat wêze sil, is noch net bekend. Op dit stuit wurde alle klean noch ynventarisearre troch de Stichting Erfgoed Fundaasje út Ljouwert.
De stichting is wiis dat de famyljes de klean brocht hawwe: "In soad minsken smite tekstyl fuort. Mar de klean sizze in soad oer de skiednis fan tekstyl, mar ek oer it sosjale. Hoe rûnen de minsken derby yn de 18e en 19e iuw?"
Faker boereklean
De stichting sjocht faker boereklean foarby komme. It is no foar it earst dat se adellike klean yn ûntfangst naam hawwe. "Bewarje it en lit it troch ús beskriuwe", sa seit Goasse Brouwer fan de Stichting Erfgoed Fundaasje.