Rykswettersteat en Flylanners: golfmuorre as beskerming
In golfmuorre is de bêste oplossing om Flylân te beskermjen tsjin heech wetter. Dat fynt Rykswettersteat nei tal fan petearen mei eilânbewenners.
De Flylanners ha al in sterke foarkar foar sa'n golfmuorre. De seedyk hoecht dan net ferhege te wurden en ek hoege der gjin maatregels troffen te wurden yn de Waadsee sels. Boppedat kin der op it talúd fan de muorre fytst of kuiere wurde.
Troch de oanpassing kin de dyk wer fyftich jier mei. Dit neijier wurdt in definityf beslút naam oer de dykfersterking op Flylân.