Bert Hollander yn ried fan kommissarissen SC Cambuur
Bert Hollander sit fan 1 maaie ôf yn de ried fan kommissarissen fan SC Cambuur. De Ljouwerter, dy't ek âld-spiler is fan SC Cambuur, giet dan oer de fuotbalsaken by de klup.
Hollander is op it stuit trainer by de Ljouwerter earsteklasser Blau Wyt '34. Earder hat er ûnder oare trainer west by ONS Snits, Harkemase Boys en FVC.
Yn de ried fan kommissarissen sitte ek Jan Koster en Rudy Douma. Letter komt dêr noch in foarsitter by, meldt Cambuur.