Súdwest-Fryslân sil tenei miljeufreonlikere auto's brûke

De gemeente Súdwest-Fryslân makket in begjin mei it miljeufreonliker meitsjen fan de gemeentlike auto's. Meikoarten wurde twa lytse diselauto's ferfongen troch twa elektryske bestelauto's. Dêrneist sille fjouwer swiere jiske-auto's meikoarten op blauwe disel ride. Blauwe disel wurdt makke fan ûnder oare ôfwurke plantaardige oalje.
Neffens wethâlder Erik Faber is duorsumens in spearpunt foar de gemeente. Hy seit wol dat it noch wol in skoft duorret foardat alle frachtweinen, auto's en trekkers duorsum binne. In protte âldere ferfiermiddels binne net geskikt om blauwe disel te tanken. De gemeente wol no earst mei in pear auto's begjinne en ûnderfining opdwaan.