Fûgelwachters hawwe 'frustraasje oer predaasje'
Fûgelwachtersbûn BFVW hat grutte soargen oer it tanimmend tal rôfbisten dat in gefaar foarmet foar de greidefûgels. It giet al net goed mei de greidefûgels. Dat se no ek noch in soad opiten wurde, wurket tige demotivearjend foar de neisoargers, seit de BFVW.
It jild dat de provinsje alle jierren útjout om de greidefûgels te beskermjen, ferdwynt neffens de fûgelwachters yn in boaiemleaze put as de predaasje net oanpakt wurdt.