Skeel om brûken farwetter nei Hegemer Mar
De Ried fan Steat moat deroan te pas komme om in konflikt yn Heech op te lossen tusken in projektûntwikkeler en omwenners. De projektûntwikkeler wol fakânsjehúskes oan it wetter bouwe, en de minsken dy't dêr ek wenje wolle dat net. Se binne derop tsjin dat de takomstige buorlju harren wetter brûke, as se nei de Hegemer Mar ta farre. Neffens de buorlju is it net earlik dat de projektûntwikkeler stegers yn it wetter bouwe mei, wylst se dat sels net meie.
De projektûntwikkeler wol tolve nije wenten bouwe. Dy moatte dan wol oan in wetter lizze dat yn direkte ferbining stiet mei de mar, want oars soene se hast net te ferkeapjen wêze.
De gemeente Súdwest-Fryslân seit dat de buorlju de farwei net blokkearje kinne, ek al hawwe se dy yn eigendom. Elkenien soe it rjocht hawwe moatte om dêrtroch te farren. Lykwols, by de rjochtsaak foar de Ried fan Steat ûntstie dêr tongersdei grutte twivel oer. De Ried fan Steat docht yn de kommende wiken útspraak yn dizze saak.