Spar yn Berltsum wurdt oernaam troch supermerkbedriuw Poiesz

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Supermerkbedriuw Poiesz nimt de Spar yn Berltsum oer. It wurdt de santichste winkel fan de Poiesz yn Noard-Nederlân. De winkel yn Berltsum wurdt nei de oername, op 28 juny, fuortendaliks ferboud.
It is de bedoeling dat der letter in nije winkel komt. Dy komt op in oar plak yn Berltsum. Alle minsken dy't no by de Spar-supermerk oan it wurk binne, komme yn tsjinst by de Poiesz.