Twadde Tesla Jouster frou ek yn de brân

De útbaarnde Tesla © J. de Jong
Yn de Driessenstrjitte op 'e Jouwer is yn de nacht fan woansdei op tongersdei de Tesla fan in 38-jierrige frou útbaarnd. De brânwacht hat it fjoer blust, mar de auto hie in soad skea.
Begjin maart stie in Tesla fan deselde frou ek al yn de brân. Ut ûndersyk troch de plysje en Tesla-eksperts die doe bliken dat der gjin technyske steuring wie dy't de brân feroarsaakje koe.
Om't it fertocht is dat de auto fan deselde no op 'e nij yn de brân flein is, sil de plysje de saak wer ûndersykje. Der wurdt buertûndersyk dien en de plysje freget minsken mei bewakingskamera's om bylden op te stjoeren.