Gosse bedarret yn Alpenkoers: "Ik moast dochs dy kant op"

Hoe't in fjildrider út Surhuzum samar ynienen bedarret yn it peloton fan in profesjonele hurdfytswedstriid yn de Alpen. Gosse van der Meer wie moandei in eintsje oan it fytsen, doe't er ynienen ynhelle waard troch in groep hurdfytsers en doe mar meiried.
"Underweis kaam ik in buordsje tsjin dat yn de Tour des Alpes noch 20 km te gean wie. Ik wist wol dat dy koers der wie, want ik soe dy moarns noch efkes by de start sjen. Der diene jonges oan mei dy't ik wol koe. Mar ik hie my fersliept. En doe hellen se my ynienen yn."
Dochs dy kant op
"By de earste groep mei Chris Froome set de plysje dy wol oan de kant. En dan moatst wachtsje. Ik sit sels ek faak yn in peloton en wit wol hoe't soks giet. Nei de kopgroep komme de losse fytsers. In grutte groep dy't rêstich nei de finish fytst om de tiidslimyt te heljen. Sa rap giet dat no ek wer net. Fan dy groep koe ik in pear jonges en dêrom fytste ik mar in stikje mei. Ik moast dochs dy kant op."
Mei tassen en bepakking
"De jonges wisten dat ik ûnderweis wie. Ik ried fansels wol mei tassen en bepakking. Dat wie frij swier, want it gie berchop. Ik hie net al te folle iten mear, en koe dêr gelokkich wat reepkes en drinken opsnorre. Doe bin ik mei de mannen nei de finish riden. Ast do mei dyn fytstassen meirydst yn it profpeloton en bist oan it laitsjen en gnizen, dan falt dat wol op by it publyk. Doe hie ik wol aardich wat supporters oan de kanten."
Gosse van der Meer moat takom wykein in wedstriid yn it Dútske Koblenz ride en dêrnei komt er wer nei Fryslân.