Jarretank kantelet en bedarret op njonkenlizzende dyk
Op de Oude Ringmuur yn Harns is woansdeitemiddei in jarretank kantele. De tank siet achter in trekker. By it kanteljen waard in bestelauto rekke. Dêrnei bedarre de tank op de njonkenlizzende paralleldyk. Mooglik hat de trekkerbestjoerder de bocht ferkeard ynskatten.
De jarretank wie hast leech en der is mar in bytsje jarre op de dyk bedarre. In spesjalisearre bedriuw hat dit skjinmakke. Der is fierder net ien ferwûne rekke.