LIVE: IepenUP oer frijheid

Op 5 maaie fiere wy alle jierren wer de frijheid. Yn it ramt fan dy frijheid wurdt dizze wike yn IepenUP yn gearwurking mei it 'Nationale Comité 4 en 5 mei' in frijheidskolleezje jûn troch heechlearaar Afshin Ellian. De presintaasje leit yn hannen fan Aldith Hunkar, foarhinne presintatrise fan it Jeugdjournaal. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Flecht

Afshin Ellian flechte yn 1989 út Iran wei nei Nederlân en studearre hjir ôf yn Internationaal publiekrecht, strafrecht en filosofie. Hy skriuwt kollums foar ûnder oare Elsevier, The Wall Street Journal en Le Figaro. Dêrneist hat er twa dichtbundels op syn namme te stean.

Yn Nederlân kenne de minsken it net oars as dat se 'frij' binne; frij om te kiezen, frij om in miening te jaan en om in stim út te bringen. Dat alles is sa om't der yn Europa sprake is fan in demokrasy. Hoe beweitsje je, yn it lân dêr't alle mieningen telle, de demokrasy en dus ek de frijheid? Hjir sil Ellian op yngean yn IepenUP.

Dêrneist skowe Tjeerd van Bekkum, direkteur LF2018, en Vonne van der Meer, foarsitter fan PEN Nederland, oan om te praten oer it belang fan frijheid en mieningsutering foar de demokrasy yn Europa. Dit nei oanlieding fan it ûndersyk nei de moard op sjoernaliste Daphne Caruana Galizia yn Malta, kollega kulturele haadstêd fan Ljouwert.

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.