Fleanfjild Lelystêd krijt tastimming foar útwreiding
De útwreiding fan fleanfjild Lelystêd kin fierder. Dat hat de kommisje foar de miljeu-effektrapportaazje witte litten. It earste miljeurapport wie kontroversjeel, ûnder oare fanwege ferkearde lûdsberekkeningen. Mar no't de fouten der úthelle binne, kin it wurk wer oppakt wurde en kin it fleanfjild neffens planning yn it foarjier fan 2020 iepen. Wol moat de Twadde Keamer hjir noch akkoart mei gean.
Yn it suden fan Fryslân is ferset tsjin de útwreiding omdat der mear fleantugen leech oer dit gebiet fleane. Neffens de kommisje sil yn begjin leech flein wurde en dat sil gelûdsoerlêst feroarsaakje. Mar op termyn sil troch in nije yndieling fan de fleanrûtes it leech fleanen net mear nedich wêze.