Lemster syljacht brûkt by minskesmokkel

Fjouwer Oekraynske smokkelers en njoggentjin yllegalen binne yn oktober ferline jier yn Ingelân oanhâlden, nei't se It Kanaal oerstutsen wiene mei in syljacht dat se fia it Lemster ferhierbedriuw Enjoy Sailing hierd hiene. It giet om it syljacht Flamingo. Om it jacht hiere te kinnen, brûkten de smokkelers falske identiteitspapieren.
Nei't it skip yn it Ingelske plakje Southwold oanlein hie, waarden twa Oekraïners en njoggen yllegalen troch de Kustwacht oanhâlden. De twa oare smokkelers en tsien yllegalen waarden oanhâlden yn in auto, wêrmei't se ûnderweis wiene nei Ipswich. Trije smokkelers krije op 10 maaie te hearren wat harren straf wurdt. De fjirde fertochte is frijsprutsen, mar wol it lân útset om't hy sels ek yllegaal wie.
Neffens de Britske autoriteiten wie it jacht hielendal net geskikt foar de reis oer It Kanaal. Enjoy Sailing lit witte dat se it jacht yntusken sûnder skea werom ha.