Bewenners posityf oer plannen stedsferwaarming Ljouwert
Sa'n twahûndert buertbewenners reagearren tiisdeitejûn by in ynformaasjegearkomste yn it WTC Hotel yn Ljouwert oer it algemien posityf op plannen foar stedsferwaarming, op basis fan geotermy yn harren wyk. De presintaasje waard fersoarge troch de trije inisjatyfnimmers: boubedriuw Dijkstra Draisma, de ûntwikkeler fan waarmtenetten Ennatuurlijk en geotermy-eksploitant ECW.
Ynvestearring: 25 miljoen
Ut de seal waarden wol ferskate krityske fragen steld oer bygelyks de priis fan ierdwaarmte en de feiligens fan boarjen op grutte djipte. Nei ôfrin seinen de measte besikers dat se graach meidwaan wolle as it sa fier is. As de plannen troch gean, is de bedoeling dat it waarmtenet der yn 2020 leit. De totale ynvestearring yn it projekt is ûngefear 25 miljoen euro. It waarmtenet moat komme op en rûnom it terrein fan it WTC yn Ljouwert.
Mei geotermy wurdt waarm wetter fan grutte djipte oppompt om huzen en oare gebouwen te ferwaarmjen.