Regiogearkomste Noardeast-Fryslân drok besocht

Tsientallen minsken hawwe tiisdeitejûn nei de regiogearkomste Noardeast-Fryslân yn it MFS fan Burdaard west. De gearkomste waard organisearre troch Doarpswurk. Yn ferskate workshops koene minsken har ynspirearje litte troch tema's as wenjen, duorsumens, doarpsûntwikkeling en doarpsfyzje.
Hoe komt it bygelyks mei de húsfêsting foar jongerein en âlderein. Hoe hâlde je it doarpshûs oantreklik as hieltyd minder minsken der nei takomme. Ien fan de workshops gie oer Mienskipsenerzjy: hoe kinne je as doarp sels oan de gong mei enerzjyprojekten, dêr't je as ynwenners sels ek de fruchten fan plôkje?
"We kunnen samen plannen maken voor de toekomst en de energietransitie zelf in handen nemen. De mienskip beslist zelf welke vorm van Mienskipsenergie ze kiezen. Bovendien hebben ze er zelf profijt van", fertelt Sybrand Frietema fan Energiewerkplaats Fryslân, dy't de workshop Mienskipsenerzjy late.