Bromfytsers meie tenei net mear oer de fytspaden

Fyts-/Bromfytspaad © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Bromfytsers yn de gemeente Opsterlân moatte fan woansdei ôf ferplichte oer de gemeentlike diken ride, yn stee fan oer de fytspaden. It giet dan om de diken om de N381 hinne, de grutte dyk fan Drachten nei Appelskea. Neffens de gemeente is it feiliger as de bromfytsers oer de rydbaan gean. It ferskil yn snelheid tusken auto's en in bromfyts soe lytser wêze as dat tusken fytsers en bromfytsers. Ek soe it foar fytsers nofliker wêze as der gjin motorisearre ferkear oer it paad hinne rydt. De gemeente sil de besteande ferkearsbuorden ynkoarten ferfange.