Joadske brulloft: In koffer fol oarlochsgeheimen
Wat begûn mei in simpele koffer op souder smyt no tsientallen ûnbekende en bysûndere ferhalen op oer in Joadske famylje yn de Twadde Wrâldoarloch. De koffer wie fan Mimi Dwinger en Barend Boers út Ljouwert. Se oerlibben de Holocaust en treaunen alles wat harren dêr oan tinken die yn dy koffer, dy't nea iepen mocht.
De bern fan it pear sitte harren hiele libben al mei fragen: wat is der bard mei ús âlden yn dizze ferskuorrende tiid? No ha se dêr einlik antwurden op. Woansdei wurdt, 78 jier neidat Barend en Mimi troud binne, nij libben yn harren ferhaal blaasd. Dan is de boek- en dokumintêrepresintaasje fan 'De Joodse Bruiloft'. Sjoernalist Auke Zeldenrust hat oan de hân fan de ferhalen út de koffer in boek skreaun. En de soan fan it Joadske stel, André Boers, is folge troch Fryslân DOK. Hy makke mei syn sussen deselde rûte as syn âlden yn harren flecht foar de Dútsers.
Taboe
In jier nei it ferstjerren fan harren mem Mimi yn 2008 makken André, Yvette en Marion Boers de koffer iepen. "We hebben nog wel getwijfeld. Onze ouders spraken niet over wat er gebeurd was. Ze wilden er niet nogmaals mee geconfronteerd worden, het was te pijnlijk", fertelt André. "Voor ons was het daarom heel emotioneel. Ik en mijn zussen zaten ons hele leven met vragen, maar probeerden ook het onderwerp te vermijden. Het was een taboe." Se ûntdutsen brieven, dokuminten, foto's, in typte taspraak fan Barend by de brulloft en ek in 16mm-film, de troufilm fan harren âlden.
Troufilm
It binne bysûndere bylden fan de synagoge yn de Sacramentsstrjitte yn Ljouwert en de Joadske mienskip fan flak foar de Twadde Wrâldoarloch. Foar it earst is der bewegend byld te sjen fan de Joadske mienskip yn Fryslân fan foar de oarloch. André: "Mijn moeder wist natuurlijk dat die film er was. Maar ze heeft haar hele leven de koffer niet willen openen. Er staan beelden op van haar vader, die is vermoord, en andere familieleden die zijn vergast. Ik kan me goed voorstellen dat ze daar niet aan herinnerd wilde worden." De film krijt nasjonale, mar ek ynternasjonale oandacht. André fynt it tiid om it ferhaal fan syn âlden te fertellen: "Wij zijn, zonder dat wij het echt wisten, in de schaduw van de hel opgegroeid en het is nu tijd om uit die schaduw te treden."
Flecht
Barend Boers en Mimi Dwinger trouden op 18 april 1939 yn Ljouwert en trije jier letter flechten se út Amsterdam. It wie in barre en libbensgefaarlike flecht út Europa, mei finzenskippen yn Frankryk en Spanje. Doe't André ferline jier mei syn sussen deselde tocht ôflei, realisearre hy him watfoar gelok syn âlden hân ha. "Ze waren moedig en heldhaftig. In Lyon en in Spanje zijn ze opgepakt, maar ik denk dat een van de zwaarste momenten van de vlucht in de Pyreneeën was. Die hebben ze te voet overgestoken."
It wie in berchkuier, dy't normaal sprutsen seis oeren duorre, mar dêr't Barend en Mimi úteinlik trije dagen en trije nachten oer dien ha. Op 27 maaie 1945 skriuwt Mimi oan har mem: "Als ik terugkijk, begrijp ik niet hoe vooral ik dit heb kunnen doen. Eens op een hoog en gevaarlijk punt, toen ik doodmoe was, kwam ik boven bij Barend die op een rots zat te huilen. Huilen waarom? Om mij, dat ik dit moest doen." Berend rekke ûnderkuolle en útdrûge. Doe't se einlik ûnder wienen, krige Mimi in longûntstekking. "De tocht over de Pyreneeën behoort bij de donkerste bladzijden", skriuwt Mimi.
Nei de Pyreneeën binne Mimi en Barend trochreizge nei Spanje en Jamaica. Dêr waarden se oerbrocht nei in Joadsk flechtlingekamp. Mar dêr einige it oarlochsferhaal fan it stel net. Barend melde him nei in pear dagen by in fertsjintwurdiger fan it Nederlânske regear dat minsken socht foar it leger. Ek Mimi woe net stil sitte, se krige wurk by it ministearje fan Bûtenlânske Saken yn Londen.
Tante Buny
De famylje fan Barend en Mimi yn Nederlân moast ek in wize fine om de oarloch te oerlibjen. Sjoernalist Auke Zeldenrust hat in jier lang dwaande west, om ek dizze ferhalen boppe wetter te krijen. "Ik tink dat ien fan de bysûnderste ferhalen it ferhaal fan Tante Buny is. Offisjeel hjitte se Vrouke Dwinger. Doe't de bylden fan de Joadske brulloft útstjoerd binne, krigen we yn jannewaris 2017 in telefoantsje fan Henk van den Deukel. Hy koe in frou op it materiaal. It wie Tante Buny, dy't by de famylje Van den Breukel yn Duivendrecht ûnderdûkt sitten hat. Gjinien hat witten dat Vrouke Dwinger en Tante Buny deselde persoanen wienen. Ek de famylje Dwinger frege him ôf, hoe't se de oarloch trochkaam is, mar it ferhaal fan Duivendrecht ha se nea te hearren krigen."
Boadskip
André sjocht mei in goed gefoel werom op syn reis: "Het was een verhaal dat wij bijna niet kenden. Nu is die enorme lege ruimte, bijna helemaal gevuld. Het geeft een bevredigend gevoel, dat we het nu weten." Wa wit komme der nei oanlieding fan it boek en de dokumintêres noch mear ferhalen los. Hy fynt it wichtich, om him yn te setten dizze ferhalen te fertellen: "Het is aan ons, de kinderen, om deze verhalen naar buiten te brengen met de boodschap: het kan morgen weer gebeuren, met welke minderheid dan ook in Europa en de wereld."
Yn Fryslân Hjoed prate Roelof Lousma mei Auke Zeldenrust en André Boers. Ek is der in foarpriuwke fan it boek en de fjouwerdielige dokumintêrerige De Joadske Brulloft.