Finzenis Norgerhaven yn Feanhuzen moat iepenbliuwe

Finzenis © Omrop Fryslân
De finzenis Norgerhaven yn Feanhuzen moat iepenbliuwe. Op inisjatyf fan de PvdA tsjinje sân fan de acht fraksjes fan de gemeenteried fan Eaststellingwerf tiisdeitejûn in moasje yn by B en W. Yn de finzenis sitte op it stuit noch Noarske gefangenen, mar fan septimber ôf bringt Noarwegen gjin minsken mear yn Nederlânske sellen ûnder.
It kolleezje soe it ministearje in tasizzing fan de eardere steatssekretaris Fred Teeven wer yn it sin bringe moatte, dat der nei de Noaren wer Nederlanners fêsthâlden wurde sille yn Feanhuzen. Sluting fan de finzenis is net goed foar Eaststellingwerf, seit fraksjefoarsitter Henk Dongstra fan Ooststellingwerfs Belang. It giet ta skea fan de wurkgelegenheid. By finzenis Norgerhaven wurkje 400 minsken. Der kinne goed 240 finzenen fêsthâlden wurde. Allinne D66 yn de ried fan Eaststellingwerf stipet de moasje oan B en W net.