Plysje jout bloed foar Bloedbank Sanquin

Bloedbank Sanquin is dizze moandei spesjaal iepen foar it personiel fan plysje Fryslân, sadat sy harren bloed jaan kinne. De ôfrûne tiid is de plysje yn in spesjale kampanje oanmoedige om harren te ferdjipjen yn it bloeddonorskip en om bloed te jaan. Der is op dit stuit in tekoart fan 700 donoaren yn Fryslân en mei dit inisjatyf moatte de problemen lytser wurde.
Tsientallen plysjeminsken donearje har bloed.