Opposysje Tytsjerksteradiel ferbjustere oer ynformaasje

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De hiele opposysje yn Tytsjerksteradiel wol dat der in nij ynformaasjeproses foar de nije koälysje komt. De partijen binne ferbjustere oer de útkomsten fan de earste ynformaasjefaze. Dêr kaam út dat CDA, FNP en ChristenUnie mei-inoar fierder wolle yn in nij kolleezje.
Neffens VVD, GrienLinks, PvdA en D66 is der te bot koerst op dizze iene opsje. De partijen fiele har net serieus naam en neame de útkomsten respektleas nei de útslach fan de ferkiezingen, mei om't VVD, GrienLinks en D66 mei de ferkiezingen sitten wûn ha.