Wurk oan Warkumer fontein is hast klear
It is hast safier: yn maaie wurde de fonteinen yn 'e Fryske alve stêden offisjeel iepene. Utsein dy fan Dokkum, dy hat fertraging oprûn. Op it stuit wurdt noch hurd wurke om de fonteinen klear te krijen. De measte fan de fonteinen wurde yn it bûtenlân makke. Dy fan Warkum wurdt yn de stêd sels makke, troch lokale bedriuwen.
Fiif Warkumer bedriuwen wurkje dêr oan mei. It binne twa grutte houten liuwen dy't wetter nei elkoar ta spuitsje. De fontein wurdt 25 april te plak set yn it sintrum fan Warkum. Op 18 maaie wurde de tsien fonteinen offisjeel iepene en oanset.