FIDEO: It oarlochsmonumint fan De Pein
Yn Fryslân binne mear as trijehûndert monuminten dy't weromtinken dogge oan de Twadde Wrâldoarloch. Op 24 april meitsje de provinsje en it Nationaal Comité 4 en 5 mei bekend wa't it Komplimint foar in oarlochsmonumint krijt.
In sjuery hat besjoen hoe't der op it monumint past wurdt, no en yn de takomst. Der binne fiif nominearren dy't dizze wike omtinken krije op Omrop Fryslân telefyzje en radio. Tiisdei it oarlochsmonumint fan De Pein.
Achttjin minsken wurde betocht, acht ynwenners en mei-elkoar tsien bemanningsleden fan twa delstoarte bommewerpers. Ien fan de nammen op de stien is dy fan de 10-jierrige Willem de Vries. De Dútsers skeaten him yn 1943 dea, doe't er by in groepke minsken stie, wylst der in 'samenscholingsverbod' wie.
Besjoch it monumint fan De Gordyk.