Aris kin foarsprong tsjin koprinner Donar net fêsthâlde

De basketballers fan Aris hienen snein tsjin koprinner Donar twa kwarten sicht op in stunt, mar nei in min tredde kwart moasten de Ljouwerters dochs bûgje: úteinlik waard it 46-70 yn it Kealledykje.
Profitearje fan drok programma
Aris begûn prima tsjin Donar. De Grinzers ha fanwege Europeesk sukses in drok programma. Sneon ferlear Donar noch ferrassend thús fan Leiden en takom tongersdei stiet heale finale fan de Europe Cup op it programma foar Donar.
It like der yn de earste twa kwarten op dat Aris dêrfan profitearje koe. Nei ien kwart wie it 17-15 foar de Ljouwerters en nei in leech skoarend twadde kwart wie it ferskil noch hieltyd twa: 24-22.
Donar better fan ôfstân
Nei it skoft naam Donar dochs it heft yn hannen. It tredde kwart gie mei 31-10 nei de Grinzers. Yn it fjirde kwart (12-17) waard it ferskil allinnich mar grutter.
Donar skeat 37% fan harren trijepunters raak. By Aris foel mar 1 fan de 15 lange-ôfstânspogingen troch it net.
Play-offs
Aris spilet noch twa kompetysjewedstriden. Tiisdei moat de ploech fan Tony Van den Bosch yn Weert tsjin Basketbal Academie Limburg. Dy ploech stiet ûnderoan. Wint Aris, dan komme de play-offs hiel tichtby.