Automobiliste rydt troch garaazjemuorre yn Easterwâlde

© De Vries Media
In ynwenster fan Easterwâlde is sneontenacht mei de skrik frijkaam, doe't se mei de auto troch in muorre fan har garaazje ried. De frou kaam thús en woe de auto yn de garaazje parkearje, mar rekke nei alle gedachten wat mei de bûtenspegel. Fan skrik trape se it gas yn en fleach troch de muorre.
Om't tocht waard dat de automobiliste beknypt siet, waarden de helptsjinsten oproppen. Dy hoegden lykwols net yn aksje te kommen. De garaazje en de auto rekken bot skansearre.