VC Snits ferliest en hâldt striid om finaleplak spannend

De froulju fan VC Snits hawwe sneontejûn gjin goede saken dien yn de striid om in plak yn de finale fan de nasjonale follybalkompetysje. De ploech fan Abe Meininger ferlear mei 3-1 fan konkurrint Regio Zwolle. De Snitsers steane, nettsjinsteande de nederlaach, noch wol twadde, it plak dat pleatsing betsjutte soe foar de finale tsjin koprinner Sliedrecht Sport.
Snits wûn de earste set mei 28-26. De twadde set gie mei 25-18 nei de ploech út Zwolle. Dêrnei pakte de thúsklup de tredde en fjirde set mei 25-16 en 25-22.
Snits stiet noch wol twadde, mei ien punt foarsprong op Zwolle. Snein kin in oare konkurrint, Alterno, op likens hichte komme mei Snits, mar dy ploech moat dan wol winne fan Sliedrecht Sport. Woansdei nimt Snits it op tsjin Alterno. Wannear't Snits mei 3-0 of 3-1 wint, is de ploech wis fan de finale.