Fryske fanfares winne twadde en tredde difyzje fan ONFK

Op de twadde dei fan de Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen (ONFK) binne der yn de tredde en fjirde difyzjes Fryske orkesten winner wurden.
Yn de twadde difyzje einige Vereniging Fanfare Constantia fan Menaam op it earste plak. Dit orkest behelle ûnder lieding fan Paul van Gils mar leafst 91 fan de 100 punten. Earder op de dei waard de tredde difyzje ôfwurke. It heechste oantal punten (91) gie nei De Bazuin fan Stynsgea. Dit orkest stie ûnder lieding fan dirigint Gerk Huisma. Twadde waard Muziekvereniging Stêd Sleat mei dirigint Durk Krol (87 punten).