Man fiif moannen sel yn nei mishanneling frou en bern

In Irakese asylsiker út it azc fan Burgum moat fiif moanne de sel yn omdat er syn frou en bern geregeld mishannele hat. Dat gebeurde al yn Irak en gie troch doe't de húshâlding trije jier lyn yn Nederlân kaam te wenjen. De man ûntkent dat.
Njonken de selstraf komt de man ûnder tafersjoch fan de reklassearring en moat er him behannelje litte. Hy mei gjin kontakt sykje mei syn frou en fjouwer bern.