Skoalbern priuwe, rûke, fiele, besjogge en meitsje sûn iten

Hast seishûndert skoalbern yn de omjouwing fan Snits krigen freed lessen oer sûn ite. Studinten fan ROC Friese Poort yn Snits en hegeskoalle Van Hall Larenstein litte de bern yn 'e kunde komme mei sûn iten. Dit dogge de studinten troch de sintugen fan de bern te prikeljen. Se koene sûn iten priuwe, rûke, fiele, besjen en meitsje.
De inisjatyfnimmers fan de sûne lessen hoopje dat se dit fan no ôf elk jier dwaan kinne. Mooglik dat it takom jier ek fierder ferspraat wurdt oer Fryslân, mei help fan oare skoallen.
De iepening fan de smaaklessen waard freed fersoarge troch wethâlder Mark de Man fan Súdwest-Fryslân op de Sint Maartenskoalle yn Boalsert. As iepeningshanneling moast er twa dinkjes priuwe.