Omrop TIP: sjoch it ONFK live

36 fanfareorkesten, út hiel Nederlân en it bûtenlân, spylje freed 13 en sneon 14 april yn De Lawei yn Drachten om de titel fan Iepen Nederlânsk Fanfare Kampioen. Oer fiif ferskate difyzjes wurde de heechste eare en prizen fan de 'Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen' (ONFK) ferdield. De ONFK is beide dagen live te folgjen fia Omropfryslan.nl/live, de stream hjirboppe en de Omrop-app.
Live op Omropfryslan.nl
De dielnimmende orkesten spylje ferplichte wurken. Dy wurken wurde troch in ynternasjonale sjuery beoardiele. Alle optredens fan freed en sneon binne streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Freed fan 16.00 oere ôf, mei earst de 5e difyzje en dêrnei de 4e difyzje (18.30). Sneon 14 april begjint de live-útstjoering om 10.00 oere mei de 3e difyzje, folge troch de fanfaren yn de 2e difyzje (14.00) en as lêste de striid om de prizen yn de 1e difyzje (19.00). Mear ynformaasje oer de dielnimmers en de wurken dy't spile wurde, is te finen op Onfk.nl.
Koperkanaal
By it konkoers wurde ek opnamen makke foar it fideokanaal en de audiostream 'Koperkanaal' fan Omrop Fryslân. Koperkanaal is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Koperkanaal bestiet út livestreams fan HaFaBra eveneminten lykas it ONFK, it fideokanaal op Youtube, de audiostream Omropfryslan.nl/koperkanaal en it radioprogramma Koperkanaal FM (alle sneinen tusken 6.00 en 8.00 oere op 'e radio).