Sander Arends útskeakele yn kwartfinale troch topfavoryt

Sander Arends © www.orange-pictures.nl
De Ljouwerter tennisser Sander Arends is mei syn dûbelmaat Adil Shamasdin yn it Marokkaanske Marrakesh útskeakele yn de kwartfinale. It duo Nikola Mektić en Alexander Peya, dat as earste pleatst is, wie te sterk.
De earste set gie noch mei 6-3 nei Arends en syn maat, mar Mektić en Peya wûnen de twadde set mei deselde sifers. Yn de supertiebreak waard it 10-5 foar it as earste pleatste duo.
It wie it earste toernoai dat Arends mei syn Kanadeeske partner Shamasdin spile. De Ljouwerter klimt nei dit toernoai nei it 70e plak op de wrâldranglist foar dûbelspilers.