"Problemen op wenningmerk hieltyd grutter"

De problemen op de wenningmerk wurde hieltyd grutter. It oanbod wurdt almar lytser, de wenningen wurde djoerder en it oantal transaksjes giet omleech. Yn fergeliking mei deselde perioade foarich jier binne der it ôfrûne fearnsjier yn Fryslân 12 persint minder huzen ferkocht. Dat seit de Nederlânske makelersferiening NVM.
De NVM warskôget al langer foar de tanimmende krapte op de wenningmerk. Dy komt ûnder oare trochdat der yn de krisis te min nije wenningen boud binne. De efterstannen binne noch net fuortwurke. Foaral foar starters en senioaren falt der net folle te kiezen.