Akteur Pierre Bokma sprekt audiotoer eksposysje Escher yn
Akteur Pierre Bokma sil de audiotoer by de tentoanstelling oer de grafikus M.C. Escher yn it Fries Museum ynsprekke. Yn it museum is fan 28 april oant en mei 28 oktober in grutte eksposysje mei mear as 100 wurken fan de yn Ljouwert berne Escher. Bokma lêst foar út de brieven en deiboeken, wêryn't Escher ferslach die fan syn reizen en syn libben.
Der komt ek in Ingelske audiotoer. Dy wurdt ynsprutsen troch de Britske filmregisseur Peter Greenaway.