GGZ set VR-bril yn om psychiaters nei Fryslân te heljen

VR-bril © ANP
Virtual Reality moat psychiaters oer de streek helpe om yn Fryslân wurkje te wollen. De GGZ Fryslân stiet op it stuit op in grutte beurs oer psychiatry yn Maastricht mei spesjale brillen wêr't in firtuele fersy fan ús provinsje te sjen is. Fryslân hat al jierren te kampen mei in tekoart oan psychiaters, lykas in soad oare regio's yn Nederlân ek. En dus stride al dy regio's mei-inoar om dy psychiaters.
De geastlike sûnenssoarch, de GGZ, hat hieltyd mear muoite mei it finen fan genôch geskikt personiel. Der is in grut tal iepen fakatueren by de GGZ. Benammen psychiaters binne dreech te finen. Mar ek psychologen en ferpleechkundigen binne fan herte wolkom yn de organisaasje.
Neffens Adriaan Jansen, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan de GGZ-Fryslân, leit de reden fan it grutte tal iepen fakatueren yn in optelsom fan faktoaren. Sa is it tal opliedingsplakken by de GGZ de ôfrûne jierren tebekrûn. Dêrnjonken kieze in protte minsken foar in parttime baan of in eigen praktyk. Dêrtroch sollisitearje se net mear op de fakatueren fan de GGZ.