Eksperimint mei sprekoererjochter is suksesfol

De sprekoererjochter by de rjochtbank fan Noard-Nederlân is in sukses. De rjochtbank hat oardel jier eksperimintearre mei saneamde sprekoeren by skeel. 55 Saken binne op it sprekoere behannele. By fierwei de measte saken is skikt (80 prosint). De rjochtbank pleitet foar in ferfolch op it eksperimint ek yn oare parten fan it lân.
Benammen de snelheid fan behanneling en de legere kosten wiene wol suksesfol. Oft dat ek sa wurkje soe as der minder kontrolearbere tastream is, is de fraach. Dat soe neffens de rjochtbank fierder útsocht wurde moatte by eksperiminten op gruttere skaal.