Acht en sân jier easke foar oerfal op ynwenner Nes

Foar de rjochtbank yn Ljouwert is acht en sân jier selstraf easke tsjin twa fan de fertochten yn de mishannelingssaak yn Nes, gemeente Hearrenfean. In man, ôfkomstich út Servië, hat him neffens justysje skuldich makke oan de oerfal op in 73-jierrige antykhanneler en hearde sân jier as eask. De antykhanneler waard yn juny 2016 yn syn wenning oerfallen, fêstbûn en slim mishannele.
Tsjin de man dy't sjoen wurdt as de 'kwade genius' efter de oerfal, in ynwenner fan Emmen, waard acht jier easke. Twa oaren dy't by dizze saak belutsen binne wurdt heling as lêst foarlein. Tsjin harren waarden taakstraffen easke. By de oerfal waard tafelsulver en antyk stellen.
By de oerfal is Nederlânsk praat tsjin it slachtoffer. Beide manlju fan wa't bekend is dat se yn it hûs wiene, prate gjin Nederlânsk. Dus soe it de Emmenaar wêze dy't Nederlânsk praat hat tsjin it slachtoffer. Neffens syn advokaat Yehudi Moszkowicz is it in kâld keunstke om te bearen as prate en ferstean jo gjin Nederlânsk. Boppedat hat syn kliïnt in aliby, seit er.