Fenna Kalma sjit Oranje ûnder de 19 nei EK

Fenna Kalma fan Haskerhoarne hie tiisdei mei trije doelpunten in grut oandiel yn de 6-0 oerwinning fan Oranje ûnder de 19 jier tsjin Hongarije. Troch de winst is it team fan bûnscoach Jessica Torny no wis fan it Europeesk kampioenskip dat fan 18 oant en mei 30 july yn Switserlân spile wurdt.
Kalma, spits fan SC Hearrenfean, kaam by it begjin fan de twadde helte yn it fjild. It wie doe noch 0-0. Kalma makke de earste, de twadde en de fiifde goal foar Nederlân. Earder skoarde se ek al tsjin Sweden (1-1). Oranje ûnder de 19 wûn op it kwalifikaasjetoernoai yn Hongarije ek mei 6-0 fan Slovenië. Oan it EK dogge acht lannen mei.