Twa minsken nei sikehûs troch brân yn De Tynje

Fanwege in brân by in transportbedriuw yn De Tynje binne tiisdeitejûn twa minsken nei it sikehûs brocht. Se hiene reek binnenkrigen. Dat meldt de brânwacht.
Der wie brân yn in loads fan it transportbedriuw. Dy is net folslein ferlern gien. De brân siet yn it part fan it gebou dat as kantoar brûkt waard. Mei wetter út in sleat yn de buert hie de brânwacht it fjoer frij gau ûnder kontrôle, al wie it al nedich om in skoft nei te blussen.
Hoe't de brân ûntstean koe, is net dúdlik.