Paques útroppen ta Fryske ûndernimming fan it jier

It bedriuw Paques út Balk is keazen ta 'Fryske ûndernimming fan it jier'. Nei in foarseleksje waarden seis bedriuwen nominearre. Dêr kamen wer trije finalisten út. Njonken Paques Holding wiene dat Sidijk fan It Hearrenfean en Spits út Easterwâlde. De winner waard tiisdeitejûn bekend makke yn Neushoorn yn Ljouwert, it einstasjon fan it programma dat op meardere lokaasje yn de Fryske haadstêd plakfûn.
Paques is in belangrike skeakel yn de wetter-ynfrastruktuer en wettersuvering. De sjuery kende de priis ta omdat it bedriuw fernijend dwaande is. Paques is dwaande mei it ferminderjen fan it wettergebrûk en it opwekken fan enerjzy út ôffalstoffen. De sjueryleden stimden unanym foar Paques en it publyk keas ek foar it Balkster bedriuw.
Paques waard yn 1990 ek alris úroppen ta 'Fryske ûndernimmer fan it jier'. Doe naam Jos Paques de priis yn ûntfangst. No die syn soan Joost dat. Syn heit sei tsjin him: "Succes, ik heb hem al eens gehaald. En nu kan ik tegen hem zeggen: Bedankt, ik heb hem ook gehaald", fertelde Joost Paques.