Untwerp presintearre: dit wurdt it nije Wrâlderfgoedsintrum

Futuristysk en modern. Sa wurdt it nije Wrâlderfgoedsintrum Waadsee by Lauwerseach. Tiisdeitemiddei waard it ûntwerp fan de Deenske arsjitekt Dorte Mandrup presintearre. Nei alle gedachten wurdt it sintrum yn Lauwerseach yn juny 2020 iepene.
De totale kosten binne goed 29 miljoen euro. Hast de helte dêrfan wurdt opbrocht troch private ynvestearders. By de presintaasje waard tiisdei it ûntwerp sjen litten oan lokale en regionale ûndernimmers.