Klarinetdei as foarpriuwke fan At the Watergate

© Omrop Fryslân
Keunstesintrum Atrium yn Snits organisearret op 9 maaie in grutte klarinetdei. It tsjinnet as foarpriuwke foar it muzykfestival At the Watergate, de dagen dêrnei. Dan komme seistûzen jonge muzikanten út hiel Europa nei Snits om mei elkoar in hiel soad konserten te jaan. Oan de klarinetdei dogge guon fan har ek mei.
De organisaasje ropt klarinettisten fan alle leeftiden op om har ek te melden. Moarns en middeis repetearje se. Oan de ein fan de middei is dan it konsert, yn de biblioteek yn Snits.