Drege rjochtsaak oer gewelddiedige oerfal yn Nes

Hast twa jier lyn wie by Nes in gewelddiedige oerfal op in man fan 73. Hy waard yn syn eigen hûs oerfallen, fêstbûn en slim mishannele, mei brutsen ribben en in stikkene noas ta gefolch. De dieders naaiden út mei sulver en antike sieraden. Uteinlik binne fjouwer fertochten oanhâlden. De rjochtsaak rint al in skoft, mar keallet swier. Moandei wie wer in sittingsdei. Wat hat yn juny 2016 plakfûn yn Nes, dy fraach stie sintraal by de rjochtbank yn Ljouwert.
Twa fertochten út Servië besykje de skuld fan de oerfal no by in man út Emmen yn de skuon te skowen. Neffens harren hie hy har foarliigd oer wat se krekt dwaan soene yn Nes. Hy hie sein dat er noch jild ha moast fan de bewenner, om't dy in krimineel wêze soe.
Ien fertochte wie net op de sitting. Neffens oaren soe dizze Serviër it geweld brûkt ha. De saak giet woansdei fierder en nei alle gedachten folget dan ek de eask.