Dûbeld sa hurd as tastien: rydbewiis kwyt

De plysje hat sneintemiddei it rydbewiis ôfnaam fan in 37-jierrige bestjoerder út Damwâld. De man ried mei 159 kilometer yn it oere oer de Saatsenwei by Ingwierrum. Op dy dyk is 80 kilometer yn de oere tastien.
De Damwâldster ried hast twa kear sa hurd as mei. Dêrop waard it rydbewiis fan de man ynfoardere. Ek krijt hy in boete; de hichte dêrfan wurdt fêststeld troch it Iepenbier Ministearje.
Faker hurd
It is net foar it earst dat der hurd riden wurdt op de Saatsenwei by Ingwierrum. In jonge hurdrider rekke ek al is syn rydbewiis kwyt, om't er dêr 57 kilometer yn de oere te hurd ried.