Plysje nimt túnark, messen en skjirren yn beslach

In túchklauwer foar yn de tún is ien fan de opfallende saken dy't de plysje yn beslach naam hat by in previntive fûillearaksje, sneontenacht yn Ljouwert. De aksje waard hâlden yn de binnenstêd fan Ljouwert. De plysje kontrolearre seishûndert minsken en njoggentich auto's. De hiele fangst bestie út acht messen, twa skjirren en in klauwer om ûnkrûd tusken stiennen wei te heljen yn de tún.