Brân yn wenning op It Hearrenfean rap ûnder kontrôle

Yn in frijsteande wenning mei ynbougaraazje hat sneon oan de ein fan de moarn in koarte, fûle brân west. De wenning stiet oan de Heidemeer. It fjoer siet yn it dak boppe it garaazjediel. De brânwacht wie der mei twa blusweinen en in heechwurkrer by. By de brân kaam in soad reek frij. Omwenners moatte ruten en doarren safolle mooglik ticht hâlde en luchtferfarskingssystemen útskeakelje. Om sawat healwei ienen wie de brân ûnder kontrôle.