Oranje Liuwinnen ferpletterje Noard-Ierlân

Sherida Spitse yn aksje tsjin Noard-Ierlân © awfoto
De Oranje Liuwinnen hawwe, mei Sherida Spitse fan Snits yn de basis, freedtejûn de WK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Noard-Ierlân royaal wûn. Yn it Philips Stadion yn Eindhoven waard it 7-0 foar Nederlân. De doelpunten kamen op namme fan Lieke Martens (2 kear), Vivianne Miedema, Sherida Spitse (2 kear) en Shanice van de Sanden. It lêste doelpunt, de 7-0, wie in eigen doelpunt fan Noard-Ierlân. Nederlân bliuwt troch de winst boppe-oan stean yn de kwalifikaasjegroep.
Foar it earst by in wedstriid fan it Nederlânske frouljusalvetal wiene der mear as 30.000 taskôgers oanwêzich.