Afûk en Fryske Akademy komme mei fergeze online kursus Frysk

Der komt in nije fergeze online kursus Frysk, in saneamde Massive Open Online Course (MOOC). It doel is benammen om minsken bûten Nederlân yn 'e kunde komme te litten mei de Fryske taal. De kursus, ûntwikkele troch de Afûk en de Fryske Akademy, wurdt dêrom yn it Ingelsk oanbean.
Yn de kursus wurde basisregels fan it Frysk útlein, mar der is ek romte foar in stikje Fryske kultuer. De MOOC biedt lesstof foar fjouwer wiken en sil it folsleine jier online beskikber bliuwe. De lansearring is takom wike sneon 14 april yn it Talepaviljoen MeM yn de Prinsetún yn Ljouwert.
De Ryksuniversiteit Grins kaam earder ek al mei in fergeze online kursus Frysk. Dêr diene wrâldwiid tûzenen minsken oan mei.